It Neifolgjen fan Kristus | ||
It manuskript fan De Imitatione Christi yn 'e Keninklike Bibleteek te Brussel. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | De Imitatione Christi | |
auteur | Tomas fan Kempen | |
taal | Latyn | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 1418-1427 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Neifolgjen fan Kristus | |
publikaasje | 1929, Boalsert | |
útjouwer | Utjouwerij A.J. Osinga | |
oersetter | Adzer H. de Vries |
It Neifolgjen fan Kristus, yn it oarspronklike Latyn: De Imitatione Christi, is in kristlik boek fan 'e hân fan 'e Nederlânske skriuwer, mystikus, kanunnik en preester Tomas fan Kempen (±1381-1471). It is suver skreaun as in spirituële hânlieding foar leden fan 'e Moderne Devoasje-beweging dêr't Tomas fan Kempen ta hearde, en wie nei de Bibel it meast lêzen godstsjinstige boek yn 'e Lette Midsiuwen. Fierders is De Imitatione Christi ien fan 'e meast fertaalde wurken út 'e skiednis. It wurdt karakterisearre troch de klam dy't deryn lein wurdt op in ynderlik libben en it jin weromlûken út 'e wrâld, wêrmei't it tsjin oare kristlike ideologyen yngiet, dy't krekt in aktive neibearing fan Jezus Kristus foarsteane troch jin midden yn 'e wrâld te pleatsen. De Imitatione Christi datearret nei alle gedachten út 'e perioade tusken 1418 en 1427. De Fryske oersetting fan Adzer H. de Vries ferskynde yn 1929.
© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search